folgjende » Op www.omropfryslan.nl steane mei yngong fan dit wykein fuotbalútslaggen. It giet hjirby net allinnich om it betelle fuotbal, mar ek om de topklasse, frouljusfuotbal en it amateurfuotbal oant en mei de fyfde klasse. De nije service wurdt de kommende wiken oanfold mei útslaggen fan oare sporten lykas kuorbal, volleybal en iishockey. De fuotbalútslaggen steane ek op de teletekstpagina's fan Omrop Fryslân op TT 320 oant en mei TT 348.
↧